Typisch Lemmer op TV

Dit seizoen leit Typisch oan op 'e Lemmer. Dit doarp oan it IJsselmar leit oan de râne fan Fryslân en jout tagong ta de Fryske marren troch slûs en brêgen. Yn de simmermoanen feroaret dit rêstige doarp yn in drok wettersportplak fol toerisme. De manlju dy't gearkomme by praatplak 'Ûnder de hoeke' sprekke Lemsters, in taal dy't net ferlern moat gean. Typisch Lemmer is fanôf 11 oktober elke moandei oant en mei tongersdei om 19.15 oere by BNNVARA op NPO 2 te sjen. Marten (71), in berne Lemster wennet mei syn frou Tinemarie (64) oan it Dok yn Lemmer. Nei't er by in fiskferwurkingsbedriuw wurke hat, genietet hy no fan syn pensjoen en syn beppesizzers Rixt en Fardou. Tegearre bringe se in soad tiid troch op Marten syn Lemsteraak. Nettsjinsteande it feit dat Marten mei pensjoen is, stiet hy net stil. Hy is bygelyks in frijwilliger by de pleatslike kringloopwinkel en tegearre mei Tinemarie is hy aktyf yn 'e mienskiplike buerttûn, de Pietertûn. Judy (53) kaam sa'n seis jier lyn yn kontakt mei flechtlingen út it oanbuorjende asylsikerssintrum yn Balk tidens de levering fan in Krystpakket. De kearen dêrop namen Judy en har man Erik (leeftyd) inkele boeken út de biblioteek mei en begûnen op in picknick bankje yn 'e sinne Nederlânske lessen te jaan. Ol gau kamen de flechtlingfamyljes ek by Judy en har famylje thús. De 30-jierige Hashmat wie hjir ien fan. Hashmat komt út Afganistan en is sûnder syn famylje nei Nederlân kaam. Hy beskôget Judy as syn Nederlânske pleechmem. Hy hat syn eigen sliepkeamer op 'e souder en tegearre mei Judy besiket er De Baptistetsjerke op De Lemmer, Hashmat is hjir ek doopt. Suzette van der Pol (20) is eltse dei tusken de hynders te finen, mar har grutte passy leit by it meidwaan oan missferkiezings. Ferline jier waard sy utroppen ta Miss Intercontinental fan Fryslân. Suzette brûkt har kroan om jongeren bewust te meitsjen oer it ûntbrekken fan in jonge stim yn de polityk. Dit jier is ze op wei nei de nij te feroverjen titel: Miss Intercontinental fan Nederlân. Slagget it har om mei dizze titel nei hûs te gean? Tony (70) is de grutske eigner fan it 'Indian Motorcycle Museum'. Fan jongs ôf oan is hy gek fan motoaren, mar doe't hy in Yndiaaske motor oanskaft hie, wie er pas echt ferkocht. Tony hat fan syn pasje syn wurk makke. Dêr is er daagliks dwaande mei it restaurearjen fan Indian motoren. Tony hat ek in eigen museum, op it bedriuweterrein fan Lemmer, fol mei in samling fan de moaiste eksimplaren. Hjir hellet hy mei syn frou Hennie (65) alles út it libben.

Overig nieuws

Doe mee met de fotowedstrijd

Vijf jaar UITfestival Lemmer: vier mee met de fotowedstrijd Op zaterdag 12 september viert het UITfestival in Lemmer zijn eerste lustrum. Om de vijfde editie extra feestelijk te maken, organiseert de ...

lees meer

Wij doen mee aan het UITFestival

Informatie van de deelnemers aan het UITfestival in Lemmer zaterdag 12september   Podium voor de Lemster Toer We starten om 13:00 uur met de centrale aftrap. Op de verschillende locaties gaat ...

lees meer

Wie verdient de Lemster Bokking 2026

Oproep voordrachten voor "De Lemster Bokking" 2026 De Stichting Oud Lemmer kent eenmaal per twee jaar de onderscheiding "De Lemster Bokking" toe aan een persoon, onderneming of instelling die zich op ...

lees meer

Opening Tsjerkepaad in Lemmer

'Er zit muziek in de kerk!'   Vandaag zaterdag 27 juni werd het seizoen 2026 van Stichting Tsjerkepaad officieel afgetrapt in de Tsjerke oan it Dok in Lemmer. Van de in totaal 250 ...

lees meer